ArtistInfo Logo  ArtistInfo

Album Cover
Akke Radsma
Oer de hage diel 2

Album NL 1974 on Philips label
Spoken Word, Folk, World and

Doe't Akke Radsma yndertiid ien kear wyks mei har praetsje 'Oer de hage' foar de RONO wie, waerd der yn withoefolle hushaldings, troch jong en ald, nei harke. Genôch, dy't de radio oars net iens folle oanstean hiene soene oer de hage net licht oerslaen. Hwat wie dat mei dy praetsjes fan faek noch net iens fiif menuten? lt wiene mar lytse dingen dêr't Akke Radsma it oer hie, net iens folle om 'e hakken. Dat it yn allerhande formiddens sa oansloech kaem fan Akke. De harkers seagen yn 'e geast in frou by de hage stean dy't tsjin har buorfrou op 'e tekst wie oer gewoane dingen fan al den dei. It wie allegear sa eigen, net oars as hiene se it sels meimakke. Tagelyk koene se der om laitsje om't in oar it bilibbe hie en Akke it nei foaren brocht as wie 't yn har eigen hushalding foarfallen. De RONO krige namme yn Fryslan troch dy deagewoane praetsjes. Dat is net oerdreaun. Akke Radsma en oer de hage waerden yn ien sike neamd. Dy twa hearden byinoar. Hûndert teksten oer de hage brocht Akke foar de radio. Hjir binne der njoggen fan. Guon, dy't it noch witte fan de radio yndertiid en dizze plaet draeije, sil wer fan alles yn it sin komme en grif nochris glimkje. Oaren, foar hwa't it nij is, sille sûndermis ek mei niget harkje nei dat minske by de hage dy't sa prate kin en it nuver opsizze en der faek lang net mijen mei oankomt. Op dizze plaet fortelt Akke fan 'Arjen Goudvink'. Oer 'Piter en de geit', 'Frouljusforiening' en 'De Houn'. Oan 'e oare kant is hja·op 'e tekst oer: 'Koartsluting', twa kear oer 'Reis mei de bromfyts', 'Piter siik' en ek noch oer 'De klompen'. Der steane ek twa lietsjes op dizze plaet. Tekst en muzyk fan frou Swaentsje Duursma-Monderman ut Wynjeterp. Under har lieding wurde se songen troch in koarke fan 'plattelânsfroulju'. Frou Duursma skriuwt ferskes en makket der sels in wize by, sûnder in noat op papier to setten. Is dat net nijsgjirrich? Twa lietsjes: 'It liet fan Marij ' en 'De Wynjeterper klokken'. Hoe lang is dat nou al wer lyn, dat wyklikse praetsje fan Akke Radsma op tekst fan Paulus Akkerman, dêr't de RONO yndertiid sa'n sukses mei hie? Gans in skoft, mar hjoeddedei hoege jo de titel ,Oer de hage' mar falle to litten en de harkers fan doe heucht it noch as de dei fan juster. Hwat de 'familie Doorsnee' yndertiid foar de Hollânske radio wie, dat hat 'Oer de hage' foar de regionale omrop west. De minsken bleauwen der om thús, hwant se woene dy fiif menuten foar gjin jild forsitte. Hwat wie it geheim fan buorfrou dy't oer de hage de dingen fan de dei fan kommintaer foarseach? It hie net folle om de hakken, seit tekstskriuwer Paulus Akkerman der sels fan. Dat it sa oansloech, kaem fan Akke Radsma. Jawis, mar it iene hoecht it oare net út to sluten. Akke makke der hwat fan, mar der moast earst wol hwat wêze. En gjin skriuwer yn Fryslän kin in bipaeld slach minsken sa foar jin del sette as Paulus Akkerman. Men kin it alle wiken lêze yn Leeuwarder Courant, Friesch Dagblad en Drachtster Courant. Gewoane minsken, almeast gjin utersten, en dêrom fynt de mannichte der hwat fan himsels yn werom. Men kin der om laitsje of glimkje, elk nei syn aerd en dat is yn dit lân fan stinders en krimmenearders ek hwat wurdich. Rink van der Velde Dizze nije grammofoanplaet kin men mei elke moderne lichtgewicht pick-up ôfdraeije. It stereo effekt kriget men allinne mar by gebrûk fan stereo spylapparatuer. STEREO ek mono ôf to draeijen Printed in The Netherlands

     
Musicians
PortraitAkke Radsma ,
album by
PortraitIt Koarke fan plattelânsfroulju út Wynjeterp ,
performer on track
PortraitSw. Duursma-Monderman ,
composed by, lyrics by
Producers
Rine Geveke producer
Pieter Nieboer technician
Willem Top technician
Album Tracks
No Title Artist Composer Duration
1Arjen GoudvinkAkke RadsmaPaulus Akkerman4:52
2Piter en de geitAkke RadsmaPaulus Akkerman5:00
3FrouljusforieningAkke RadsmaPaulus Akkerman5:15
4Harm en de hounAkke RadsmaPaulus Akkerman4:53
5Liet fan MarijIt Koarke fan plattelânsfroulju út WynjeterpSw. Duursma-Monderman2:00
6KoartslútingAkke RadsmaPaulus Akkerman4:30
7Bromfyts IAkke RadsmaPaulus Akkerman4:35
8Bromfyts IIAkke RadsmaPaulus Akkerman4:09
9De sykte fan PiterAkke RadsmaPaulus Akkerman4:43
10De klompenAkke RadsmaPaulus Akkerman3:50
11Wynjeterper klokkenIt Koarke fan plattelânsfroulju út WynjeterpSw. Duursma-Monderman2:05
External Links
Discogs Logo Discogs
ArtistInfo App
ArtistInfo for iOS and ArtistInfo for Mac are presenting musicians, composers and producers that are envolved in the musical work that you are listening to in Apple Music, iTunes, or Spotify. Discover new music via the network among artists. Manage your favorite musicians and albums via iCloud and share recommendations with your friends via email, AirDrop, or Social Media.

App Store Logo     Mac App Store Logo

Acknowledgements
To all the music fans that are contributing on Discogs, MusicBrainz and Wikipedia. Thanks to Franz Flückiger for providing Storygram used to visualize band membership.
ArtistInfo for Mac, iPad, and iPhone
ArtistInfo App
Universal Link: https://music.metason.net/artistinfo?name=Akke%20Radsma&title=Oer%20de%20hage%20diel%202
ArtistInfo Community
Most seen topics within ArtistInfo:

Top 10 Artists    Top 20 Albums
 
What others are currently looking for:

Recent Artists    Recent Albums

ArtistInfo Logo ArtistInfo by Metason © 2015-2020 Metason Logo