ArtistInfo Logo  ArtistInfo

Artist Portrait

Skraal

dr,
Musician of Rock

Net dyn standert bluesband, mar in eigensinnige bluesrockformaasje besteande út fiif útsprutsene persoanlikheden. De strôt fan sjonger Jorn Idzerda is rau en rûch en syn mûlharp wurdt mei in soad power bespile.Drummer Hendrie Achtien is tegearre mei bassist André Klijnstra ferantwurdlik foar de strakke ritmeseksje. It gitaargeweld wurdt fersoarge troch Wieger de Wit. De straffe grooves kostje wol in stikmennich snaren, mar soargje wol deeglik foar in sûne poarsje enerzjy. Rasmuzikant Victor de Vries nimt neist de toetsepartijen ek gitaarwurk voor syn rekkening. Mei inoar produsearret dizze skrale mar goed smarde masine stampende Fryske bluesrock. De band komponearret en skriuwt eigen nûmers, mei as ynspiraasjeboarne û.o. The Red Devils, the Doors en AC/DC. It earste album "Helden fan de tredde helte" is yntusken in feit en te beharkjen op û.o. ús webside en Spotify. Troch ferskate ferkeapkanalen as bol.com en de Fryske muzykwinkel kinne jo dizze Fryske hit-cd yn it besit krije. Op dit stuit is de band drok dwaande mei nij materiaal. Dit sil wierskynlik liede ta in nije cd. De band stiet garant foar mear as in oere ûntwapenjend mei-inoar spyljen dat soarget foar in noflike sfear, geskikt foar elk feest/festival! De band hat in PA-ynstallaasje en in lûdstechnikus (Erik Wagenaar), sadat der gjin kroech mear feilich is. Fansels geane neist de lûdstechnikus en skrale privésjauffeur (Hans van der Zwaag) ek de nedige sjouwers (Alex Klijnstra) en kreaze froulju mei foar promoasje en ferkeap by live-optredens. Skraal hat al optredens fersoarge op Aaipop (it grutste Frysktalige festival fan Nederlân), it Blues & Americanafestival, Herberchblues, Knypstermerke, Expansie, Oerrock en fansels yn legio rikkerige kroegen. Ek wurdt Skraal geregeld draaid op Omrop Fryslân en wiene se al ferskate kearen live te hearren yn it programma "Noardewyn".

     
Popular Tracks   
Sinnebril on Sinnebril by Skraal
Fryslân on Rubber, Reek & Fjoer by Skraal
In echte man on Helden fan de tredde helte by Skraal
Dopje d'r noch ien on Rubber, Reek & Fjoer by Skraal
Tiiink on Rubber, Reek & Fjoer by Skraal
Bunt en blau on Helden fan de tredde helte by Skraal
Swart jild on Rubber, Reek & Fjoer by Skraal
Disel on Helden fan de tredde helte by Skraal
Mei elkoar on Rubber, Reek & Fjoer by Skraal
Moat 'r del on Rubber, Reek & Fjoer by Skraal

Track list and 30sec audio provided by

Discography
Title Artist Year Type
Rubber, Reek & FjoerSkraal2018Album
LiveSkraal2016Album
Helden fan de tredde helteSkraal2012Album
External Links
Homepage Logo Home Page  Discogs Logo Discogs  iTunes Logo iTunes  Spotify Logo Spotify  
ArtistInfo App
ArtistInfo for iOS and ArtistInfo for Mac are presenting musicians, composers and producers that are envolved in the musical work that you are listening to in Apple Music, iTunes, or Spotify. Discover new music via the network among artists. Manage your favorite musicians and albums via iCloud and share recommendations with your friends via email, AirDrop, or Social Media.

App Store Logo     Mac App Store Logo

Acknowledgements
To all the music fans that are contributing on Discogs, MusicBrainz and Wikipedia. Thanks to Franz Flückiger for providing Storygram used to visualize band membership.
ArtistInfo for Mac, iPad, and iPhone
ArtistInfo App
Universal Link: https://music.metason.net/artistinfo?name=Skraal
ArtistInfo Community
Most seen topics within ArtistInfo:

Top 10 Artists    Top 20 Albums
 
What others are currently looking for:

Recent Artists    Recent Albums

ArtistInfo Logo ArtistInfo by Metason © 2015-2020 Metason Logo