Folk
Tetman de Vries (Bitgummole, 1 maart 1915 - Ljouwert, 13 july 1988) wie in Fryske kabaretier, revuskriuwer. Hy foarme mei syn twillingbroer Jarich de Vries it selskip Tetman en Jarich. Hy skreau sels de stikken en kabaretprogramma's en fierde dy yn it bigjin mei syn famylje op, letter hast ek altyd mei syn frou, Miene ( Wilhelmina de Vries-Ganzinga). Underwerpen yn harren stikken wiene, neist it boerelibben, aktuele en soms licht filosofyske tema's.
Selskip Tetman De Vries |